Louis le Roy, de man dy't bekend waard fan de ekologyske tunen, is snein yn syn wenplank Oranjewâld ferstoarn. Hy is wrâldferneamd wurden troch syn tunen en lânskippen dêr't minsken oan trochbouwe koene sûnder dat der echt ûnderhâld yn dien waard.
Op It Hearrenfean is oan de Kennedyleane in Le Roy tún en yn Mildaam stiet de saneamde ekologyske katedraal fan syn hân. Neffens Le Roy wie de romte fan elkenien en kin elkenien meidwaan oan de foarmjouwing fan syn omjouwing. Louis le Roy is 87 jier wurden.